Boukûle akwadukt Drachtsterbrêge fol wetter

04 okt 2015 - 17:18

It akwadukt yn oanbou yn de Drachtsterwei by Ljouwert is sneontenacht fol wetter streamd. Der stiet altyd wat wetter yn de bak, mar as it te heech komt, slaan de pompen oan en wurdt it wetter fuortpompt. Dat is ôfrûne nacht lykwols net bard. In buertbewenner seach dat de boukûle fol wetter stie en warskôge de brânwacht. Dy hat it wetter oerpompt yn it kanaal.

De neistlizzende dyk, de Weideflora hat oant sneintemoarn 11.00 oere ôfsletten west foar ferkear. Wat de gefolgen fan de oerstreaming foar it wurk is, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)