Needopfang flechtlingen yn Warkum bliuwt langer iepen

04 okt 2015 - 16:02

De needopfang foar flechtlingen yn Warkum bliuwt langer iepen. Dat hat boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân de tydlike bewenners fan De Rolpeal sneintemiddei meidield. De flechtlingen kinne yn alle gefallen oant heal oktober bliuwe. It is de bedoeling dat dan de opfang yn it WTC yn Ljouwert beskikber is.

Apotheker hat besletten ta in langer ferbliuw om earst in ein te meitsjen oan it slepen mei flechtlingen. Ien fan de flechtlingen is yn hongerstaking om dúdlikheid te krijen. Warkum soe tiisdei ticht, mar bliuwt noch in wike iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)