Sport Fryslân wol fisueel beheinden mear sporte litte

04 okt 2015 - 15:53

Sport Fryslân sil him mear ynsette foar sporters dy't blyn binne. Foar dizze spesifike groep wurde wol sportaktiviteiten organisearre, mar dizze binne fak bûten Fryslân om't de doelgroep yn Fryslân te lyts is. Sport Fryslân wol sjen nei mooglikheden om sporters mei in fisuele hendikep mooglik by besteande ferienings sporte te litten.

Op It Hearrenfean wie sneon foar it earst in beweechdei foar sporters mei in fisuele beheining organisearre. Neist klimme, hurdfytse en fitness koenen de goed 40 dielnimmers ek in koarte skyles folgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)