Bestjoerders mei drank op yn Ljouwert oanhâlden

04 okt 2015 - 12:24

Yn Ljouwert hat de plysje sneontejûn ferskate bestjoerders oanhâlden om't se mei drank op achter it stjoer sieten. Op de Oostergoweg is in 45-jierrige automobilist út Wolvegea trappearre. Syn rydbewiis is ynnaam. Op de Goudenregenstraat is in 28-jierrige bestjoerder út Ljouwert oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed. De man hie gjin rydbewiis. Op De Tuinen is ek in Ljouwerter (23) sûnder rydbewiis trappearre mei drank op. En op de Archipelweg is in Ljouwerter (41) oanhâlden fanwege it riden ûnder ynfloed. Ek hy hie gjin rydbewiis.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert drank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)