Boargemaster Apotheker praat mei flechtlingen yn Warkum

04 okt 2015 - 11:59

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân sil sneintemiddei prate mei de flechtlingen dy't yn de sporthal fan Warkum ûnderbrocht binne. Under de 140 flechtlingen soe sprake wêze fan in tanimmende ûnrêst om't noch hieltyd net dúdlik is wêr't se nei tiisdei hinne moatte. Ek it COA en ymmigraasjetsjinst IND sille der wêze om fragen fan de flechtlingen te beantwurdzjen.

In oantal flechtlingen soe yn hongerstaking gien wêze, mar dat koe boargemaster Apotheker net befêstigje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)