'Skoalswimmen net mear nedich'

Skoalswimmen © ANP-foto, Robert Vos
It skrassen fan it skoalswimmen hat der net foar soarge dat de bern yn de gemeente Achtkarspelen net langer swimme kinne. Dat docht bliken út ûndersyk dat yn opdracht fan de gemeente útfierd is. Fan 'e bern yn groep 8 hat mar leafst 98 persint in swimdiploma.
Fjouwer jier lyn waard besletten de subsydzje op it skoalswimmen stop te setten en it oan de ferantwurdelikens fan 'e âlden oer te litten. Dit hat de gemeente in besuniging fan 60.000 euro it jier opsmiten.