Unis Flyers wint mei 8-1 fan Olympia Heist-op-den-Berg

04 okt 2015 - 10:38

De iishockeyers fan de Unis Flyers hawwe sneontejûn de wedstriid tsjin Olympia Heist op den Berg mei dúdlike sifers wûn. Yn Ljouwert wûnen de Feansters mei 8-1 fan de Belgen. De perioadestannen: 2-1, 4-1 en 2-0. Unis-spiler Tony Demelinne waard 'man of the match'.

Kommende sneon komt it Beneleague-team fan de Tilburg Trappers nei Ljouwert, snein moatte de Flyers nei Geleen.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)