Miljoenen foar sâltwingebiet

06 apr 2012 - 11:03

De provinsje sil hast 13 miljoen euro bydrage oan it ferbetterjen fan it gebiet Frjentsjeradiel en Harns. Yn de streek hawwe in soad minsken lêst fan grûnfersakkings troch de gas- en sâltwinning. Yn it gebietsplan steane maatregels om de gefolgen fan it grûnsakjen op de wetterhúshâlding en de lânbou teneate te dwaan en fergoede te krijen.

Ek lânskip, natuer en rekreaasje sille ferbettere wurde troch it provinsjale jild. Provinsjale steaten sille nei alle gedachten noch foar de simmer in beslút oer de provinsjale bydrage nimme.

Sâltfabryk Frisia yn Harns betellet ek 2 miljoen euro mei. It bedriuw sil fan 2022 ôf de sâltwinning folslein fan ûnder de Waadsee wei dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)