Harnzer kringloopwinkel wer iepen mei nij konsept

03 okt 2015 - 15:54

Harns hat wer in kringloopwinkel. De âlde winkel baarnde ferline jier ôf. De nije is sneon offisjeel iepene troch wethâlder Harrie Boon. It giet net allinnich om in nij gebou, mar ek om in nij konsept. De ynrjochting fan de winkel docht tinken oan dy fan in grut winkelbedriuw, lykas de HEMA en de V&D.

Op termyn sille alle acht kringloopwinkels fan Omrin dizze ynrjochting oernimme. Ien fan de grutte problemen fan de kringloopwinkels is lykwols, dat de minsken langer mei har spullen dogge. Der is sadwaande minder oanfier.

Dat hat neffens de organisaasje alles te krijen mei de krisis fan de lêste jierren

Trefwurden: 
Kringloopwinkel Harns iepen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)