Nije apesoarte by Aqua Zoo

Douroucouli
Besikers fan Aqua Zoo Friesland kinne fan sneon ôf in foar it park nije apesoart besjen: de douroucouli, in nachtaap. Dêrfan komme der freedtejûn nei slutingstiid fjouwer oan by Aqua Zoo. De bisten komme fan in bistetún yn Switserlân.
It giet om in pearke, mei twa neikommelingen. Douroucouli's libje heech yn de beammen yn de bosk fan Súd-Amearika en it is de iennichste apesoarte dêr dy't nachts aktyf is.