COA grypt yn tsjin jongerenoerlêst azc Drachten

03 okt 2015 - 15:00

It COA nimt maatregels om foar te kommen dat jongerein fan it AZC yn Drachten noch langer foar oerlêst soargje. Der wurde fuortendaliks ekstra befeiligers en COA-meiwurkers ynset om te soargjen dat de jongeren har better oan de hûsregels hâlde. Sa moatte de jongeren jûns op tiid binnen wêze en ek thús bliuwe.

Ek wol it COA buro jeugdsoarch ynsette om de jongeren te begelieden. Foar de langere termyn wol it COA jonge asylsikers better spriede om foar te kommen dat grutte groepen noch langer spul mei-inoar krije kinne.

It wie de ôfrûne dagen ferskate kearen ûnrêstich by it asylsikerssintrum yn Drachten. Yn de nacht fan freed op sneon moast de plysje hurd optrede om in groep asylsikers nei it AZC werom te jeien. Foar boargemaster Tjeerd van Bekkum is de maat fol. Hy die in oprop ta hurde maatregels. Hy sil ek oanjefte dwaan, sadat de jongeren dy't har misdroegen ha ek strafrjochtlik oanpakt wurde kinne.

Trefwurden: 
COA AZC Drachten oerlêst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)