Omrop TIP: Fjetnameeske boatflechtlingen yn Earnewâld

03 okt 2015 - 14:49

Rûnom yn Fryslân wurde op dit stuit flechtlingen opfongen. Sa'n 36 jier lyn barde dat ek, ûnder oare yn Earnewâld. Doe gie it om Fjetnameeske boatflechtlingen.
30 april 1975 kaam der in ein oan de Fjetnam-oarloch. De kommunisten waarden de baas. Elk dy't mar in bytsje fertocht wie waard opsletten of riskearde de kûgel. Tusken 1975 en 1995 flechten rom 850.000 Fjetnamezen nei it bûtenlân.

In part dêrfan kaam nei Nederlân. Op kemping 'It Wiid' by Earnewâld fûnen likernôch 200 Fjetnamezen in feilich plak.

Radioprogramma Buro de Vries sjocht mei ferskate belutsenen op dizze tiid werom. Piet van Putten wie doetiids de koördinator fan it opfangsintrum. Skoalmaster Jan Smidstra seach syn skoaltsje trije kear sa grut wurden. Phan Thi Thu Minh wie ien fan de flechtlingen dy't op It Wiid telâne kaam. Se seach dêr earst raar om har hinne: 'Ik dacht ik ben op in andere planeet."

Snein om 11:00 oere op 92,2 FM: Fjetnameeske boatflechtlingen yn Earnewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)