Van Bekkum: "Unrêststokers azc Drachten hurd oanpakke"

03 okt 2015 - 12:16

Boargemaster Tjeerd van Bekkum wol dat der hurde maatregels naam wurde om de oerlêst fan in groep jonge asylsikers yn Drachten tsjin te gean. Neffens Van Bekkum soarget in lytse groep jongerein foar in soad oerlêst. Hy wol dêrom dat der op lanlik nivo oandacht foar it probleem komt.

It COA moat net langer grutte groepen jonge asylsikers byinoar sette en jeugdsoarch moat him ek mei de jongerein bemuoie. Gemeente en plysje dogge ek oanjefte om der foar te soargjen dat de groep strafrjochtlik oanpakt wurdt.

De groep oerpleatse wurket neffens Van Bekkum net. Dit is al in pear kear dien, mar de jongerein sykje inoar hieltiid wer op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)