Jild foar Sintrale As-gebiet

06 apr 2012 - 10:13

De provinsje wol 37,5 miljoen euro beskikber stelle foar de ûntwikkeling fan it gebiet om de Sintrale As hinne. It jild kin brûkt wurde foar ferbetterings op it mêd fan lânskip, lânbou, natuer, wetter, rekreaasje en toerisme. Mei jild fan oare oerheden sil sels foar 60 miljoen euro ynvestearre wurde.

Deputearre Johannes Kramer fynt de ynvestearrings in goeie saak foar de streek, dy't bot meitocht hat oer de plannen by de komst fan de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea. Mei-inoar wurdt 7000 bunder grûn om de dyk oanpakt.

De provinsje wol de gebietsûntwikkeling betelje út de opbringst fan NUON-oandielen. Provinsjale Steaten moat der noch wol oer beslute.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)