Froulju Hearrenfean pakke punt tsjin koprinner PSV

02 okt 2015 - 23:22

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean soargen freed foar in stunt troch koprinner PSV it earste puntferlies ta te bringen. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it nei in 0-0 rêststân úteinlik 1-1. De Feansters steane ûnderoan, mar kamen op 1-0 troch in hurd skot fan Simone Kets. PSV hie de earste fjouwer duels allegear wûn en fierde de druk bot op.

Yn de 73e minút waard de lykmakker skoard troch Myrthe Moorrees. Fier yn de blessueretiid krige Simone Kets lykwols noch in kâns, mar allinnich foar de keeper wist se dy net te fersulverjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)