SC Hearrenfean fierder yn de problemen nei ferlies yn Almelo

02 okt 2015 - 22:41

Sportklup Hearrenfean is wer tsjin in nederlaach oprûn. Nei acht wedstriden hat de ploech noch mar ien kear wûn. Ditkear wie yn Almelo Heracles mei 2-0 de bettere ploech.

Nei 36 minuten skoarde Bel Hassani de 1-0. Oant dat momint wie Hearrenfean wat better en skeat Henk Veerman op de peal. Nei twa wiksels yn de rêst by Hearrenfean waard Heracles better. Hearrenfean hie gelok dat it gjin goal tsjin krige. Tsien minuten foar tiid waard it troch Wout Weghorst toch 2-0.

Hearrenfean krige mei Henk Veerman, Lugiano Slagveer en Simon Thern fjouwer goeie kânsen yn de earste helte. St. Juste wie net fit en Thern wie neffens trainer Lodeweges net goed en beide waarden ferfongen troch Caner Cavlan en Luka Zahovic. Hearrenfean waard der net better fan. Heracles oerklaste Hearrenfean sa no en dan.

Nei 60 minuten wiksele Lodeweges Veerman en brocht hy Mitchell Te Vrede. Dy makke in slaande beweging rjochting Heracles-spiler Ramon Zomer.

SC Hearrenfean stiet nei acht wedstriden no tolfde mei sân punten.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)