Friezinne betinkt bêste wittenskipsfraach foar nij boek

02 okt 2015 - 21:09

Fiif Fryske bern binne sneon oanwêzich by de presintaasje fan it boek 'Waarom stinkt een stinkdier?' fan sjoernalist Sander Koenen. Yn dat boek stean de bêste fyftich wittenskipsfragen betocht troch jonges en famkes út hiel Nederlân. Mei-inoar binne sa'n 1000 fragen yntsjinne.

De bêste fraach waard betocht troch de 12-jierrige Kimberly Hoeksma út Noardwâlde. Sy frege har ôf oft bisten ek narre wurde troch soartgenoaten. Yn de sjuery siet ûnder oare astronaut André Kuipers. It boek wurdt sneon presintearre yn it Science Center yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)