Skoalle Abbegea stiet faai

Skoalle Bernegea © Google Streetview
De kristlike basisskoalle fan Abbegea, Bernegea, stiet faai. It skoaltsje sit no noch boppe de ûndergrins fan 23 learlingen, mar troch in ferhuzing soene se dêr by it telmomint yn oktober wolris ûnder sitte kinne.
Dêrneist sjocht it der yn de takomst ek net al te bêst út wat it learlingetal oangiet. De skoalle wol noch wol besykje om ûntheffing oan te freegjen, mar hat sels mear betrouwen yn nij belied fan de oerkoepeljende organisaasje Palludara. Dizze sjocht yn maaie nei har belied foar lytse skoallen.