Finansjele ferwachtingen gemeente Hearrenfean posityf

02 okt 2015 - 14:11

It giet finansjeel stadichoan better mei de gemeente Hearrenfean. Oer dit jier hâldt de gemeente hast in miljoen euro oer. De ferwachting is dat it positive saldo de kommende jierren trochset. Oer fjouwer jier moat der 20 miljoen euro yn de algemiene reserve sitte.

De gemeente stiet al jierren ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje fanwege grutte skulden. Dy ûntstiene nei't de gemeente flak foar de ekonomyske krisis in soad grûn kocht hie om der bedriuweterreinen fan te meitsjen.

Troch de skulden op 'e nij te finansieren hâldt de gemeente struktureel twa miljoen euro oer. It is net wis of it provinsjale tafersjoch ophâldt, om't de gemeente foar in soad kosten komt te stean foar it ûnderhâld fan brêgen en diken. Opfallend is dat de gemeente it begraven promoatsje wol. Om't hieltiid mear minsken harren kremearje litte, rint de gemeente ynkomsten mis mei de ferkeap fan begraafplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)