Man rydt 84 km de oere te hurd: rydbewiis kwyt

02 okt 2015 - 10:10

It rydbewiis fan in 28-jierrige Ljouwerter is tongersdeitejûn ynnaam. De man ried mei 184 kilometer oer de N355, de provinsjale dyk fan Ljouwert nei Bûtenpost.

De oertreding waard fêststeld op in plak dêr't 100 kilometer de oere de maksimumsnelheid is. De man ried sadwaande 84 kilometer de oere te hurd. Tsjin de man is ek proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
hurdrider rydbewiis N355
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)