Kollum: "Hipster"

02 okt 2015 - 08:44

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, har lytse poppe, har iPhone en in grut ferskaat oan oare ûnderwerpen.

"Shooty shooty bang bang. Witte jo wat it is? It is hipstertaal foar in bakje sûkelade-cornflakes mei wite biologyske molke. Yn Londen kin je in bakje shooty shooty bang bang krije yn in kafee dat Cereal Killer Café hjit. It iennichste dat op it menu fan it kafee stiet binne cornflakes. Gjin moarnsbrochje, gjin kopke kofje, gjin bakt aaike. Nee, cornflakes. Je kinne dan wol kieze út 120 soorten cornflakes út de hiele wrâld. En je kinne se ite mei molke en mei wat lekkers der oerhinne, sa as fruit, of m&m's, of 'gevriesdroogde' marsmello's. En dêr betelje je dan seis euro foar. Seis euro foar in bakje granen mei molke en snobbersguod. Je binne gek as je it betelje. Mar guon minsken geane foar dizze unike moarnsiten belibbing.

In twilling hat it cornflakeskafee opset, yn Londen. In hipster-twilling. Allinnich hipsters kinne sokssawat as in cornflakes-kafee betinke. De twilling hat fansels in jierren santich burd en klean oan út de jierren tachtich. Typysk hipster. En se ha retroguod yn har cornflakeswinkeltsje delset. Dat skynt ek typysk hipster te wêzen. Fierder ha de measte hipsters in knot op 'e holle en in ûnmooglike bril. Guon ha ek noch sa'n krulsnor. En se ha banen as barbier, in pleats fan kapper. Se fytse op in fyts sûnder remmen. Wylst se in strakke broek oan ha, mei bleate ankels. Mar, alle hipsters op in stokje. Se sitte yn it ferdomhoekje.

No ja, no.... Al jierren wurde se bespotlik makke, en útlake. Hipsters wekke nammentlik enoarme ergernis op. Minsken fine dat hipsters tinke dat se autentyk en foarop rinne mar dat se júst meirinners binne en opelkoar lykje. Wat op himsels in rare manier fan tinken is, want safolle minsken binne meirinners en lykje opelkoar mar dêr fine we neat fan. Minsken ergerje har dus omdat it ôfwykt. Earlik sein tink ik dat hipsterhaters minsken binne dy't jaloersk binne en sels graach in hipster wêze wolle mar it net doarre. Mar goed. In oare ergernis oer hipsters is dat se er foar soargje dat er yn stêden allinnich noch mar hippe kafeetsjes binne mei racefytsen oan de muorre mei betonlook, dêr't minsken mei in knot en in burd op har macbook sitten te wurkjen wylst se oan in latte of frappuchino nippe en dat it de goedkeape kafeetsjes ferdringt. En dêrtroch wurdt alles djoerder.

Mar. No is it hipsterbashen in nije fasz yngien. De twilling fan it cornflakeskafee yn Londen is bedrige. Har ruten binne besmard mei ferve en cornflakes. Want, fûnen de hipsterhaters, it kafee is it symboal foar de yuppyske, hippyske stedsfernijing. It is foar minsken mei in dikke beurs en dat is neffens de aksjefierders net earlik foar alle minsken dy't yn Londen nei de Voedselbank moatte. It cornflakeskafee is neffens de fandalen in utering fan de kloof tusken earm en ryk. En dus moat it besmard wurde. Dat it fan twa hurdwurkjende jonges is en net in grut kapitalistysk bedriuw, makket se neat út. En it binne hipsters, dus wat makket it út. Dy meie beskimpt wurde. Bespotlik. Get a life.

Ja, seis euro foar wat cornflakes mei molke is stom mar je geane dochs gjin minsken bedrigen omdat har lifestyle je net befalt. Ik sis: litte we opkomme foar de hipsters. Hipsterbashen is út. Je suis une hipster. Ik doch myn hier hjoed yn in knot, doch in fierstente strakke broek oan. En neam myn brij tenei in shooty shooty bang bang. En foarút, ik lit ek in burd stean."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)