Dongeradiel wol tolve keapsneinen yn it jier

01 okt 2015 - 20:58

De gemeente Dongeradiel wol definityf tolve keapsneinen yn it jier yn Dokkum. Ynkoarten sil de gemeenteried dêroer beslute. It ôfrûne jier hawwe der al tolve keapsneinen west om te sjen oft winkelje op snein oanslaan soe yn Dokkum. De ûndernimmersferiening yn Dongeradiel hat yn opdracht fan de gemeente in evaluaasje makke. Dêrút kaam nei foaren dat de ûndernimmers oer it algemien tefreden binne oer de keapsneinen.

De measten wolle dêrom ek graach fierder mei de keapsneinen.

Neffens wethâlder Pytsje de Graaf is it foarstel dat der tolve keapsneinen yn Dokkum komme en dat de winkels dan tusken 12.00 en 17.00 iepen binne. Op dy wize hat it tsjerkefolk gjin lêst fan de drokte yn de stêd.

De winkel Rosier yn Dokkum bliuwt yn alle gefallen ticht op de keapsneinen. Eigener Bennie van Boerum is kristen en wol de sneinsrêst yn eare hâlde. Hy is bliid dat hy de kar noch meitsje kin om op snein net te wurkjen. Syn bern moatte by sollisitaasjes oanjaan dat se iepenstean om op snein te wurkjen, omdat se oars net oannaam wurde.

Trefwurden: 
keapsnein Dongeradiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)