Feilichheidsregio wol langere opfang op gruttere lokaasjes

01 okt 2015 - 20:49

De feilichheidsregio Fryslân sjocht mei alle Fryske gemeenten nei nije opfangplakken foar flechtlingen. Dat lit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert witte.

Nei de krityk fan de ôfrûne wike dat der tefolle mei flechtlingen omsleept wurde soe, trunet it COA der no by gemeenten op oan om gruttere lokaasjes yn te rjochtsjen dêr't langer gebrûk fan makke wurde kin. De krityk kaam fan in soad boargemasters en liket no dus serieus naam te wurden troch it COA, dy't in oprop docht oan de gemeenten.

Trefwurden: 
Ferd Crone COA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)