Krisisopfang Gerkeskleaster wurdt mei 72 oeren ferlinge

01 okt 2015 - 20:24

De krisisopfang foar flechtlingen yn Gerkeskleaster wurdt mei 72 oeren ferlinge. Dat lit de gemeente Achtkarspelen witte. It giet om de ferlinging fan de opfang fan yn totaal 39 flechtlingen yn de âld-basisskoalle De Claercamp oan de Hoogstraten yn it doarp.

It beslút is mei ta stân kaam troch de positive ynstelling fan it doarp. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders seit dat tige te wurdearjen. De ynwenners fan Gerkeskleaster en Strobos binne tongersdeitejûn mei in brief ynformearre oer it beslút.

Trefwurden: 
needopfang Gerkeskleaster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)