Justysje stelt gjin strafferfolging yn yn saak Prader-Willi

01 okt 2015 - 13:36

It Iepenbier Ministearje stelt gjin strafferfolging yn as it giet om de mishanneling fan bewenners fan it Prader-Willi Hûs yn Mûnein. Neffens justysje is it dúdlik dat der sprake is fan misstannen. Dêr is ek ûndersyk nei dien.

Mar om strafrjochtlike ferfolging ynstelle te kinnen, moat hiel dúdlik wêze wannear't wat krekt gebeurd is en wa't wat dien hat. Dat soe better ûndersocht wurde moatte. De fraach is oft dat slagget troch de bewenners te hearren, dy't ferstanlik beheind binne, seit justysje.

Boppedat hat de ynspeksje foar de sûnenssoarch it Prader-Willi Hûs ûnder ferskerpe tafersjoch steld. Justysje fynt dat de ynspeksje dan ek yn de gaten hâlde moat oft de soarch foar de bewenners fan it Prader-Willi Hûs yn oarder is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)