Premjêre foarstelling Tet Rozendal útsteld om sykte

01 okt 2015 - 13:14

De premjêre fan de foarstelling Nachtvlinder fan Tet Rozendal giet net troch. De foarstelling soe tongersdei 8 oktober foar it earst spile wurde yn De Lawei yn Drachten. De premjêre wurdt lykwols útsteld om't muzikant en komponist Erik de Reus opnaam is yn it sikehûs. Hy moat mei spoed operearre wurde oan de galblaas.

Besikers dy't al in kaartsje foar de premjêre kocht hawwe, wurde troch De Lawei op de hichte brocht. Dizze minsken krije in ferfangende datum oanbean. De nije premjêredatum is 11 novimber yn De Lawei.

Trefwurden: 
Tet Rozendal De Lawei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)