Ynbraak yn tankstasjon Wynjewâld om sigaretten

01 okt 2015 - 12:31
Foto: Omrop Fryslân

Yn in tankstasjon oan de Compagnonsfeart yn Wynjewâld is woansdeitenacht ynbrutsen. De dieven hiene it foarsjoen op sigaretten. Om binnen te kommen waard de doar iepenbrutsen.

De plysje hat noch yn de omjouwing socht, mar hat net ien fûn. Wol hat de plysje de bylden fan in bewakingskamera krigen. Tsjûgen wurde oproppen om harren te melden.

(advertinsje)
(advertinsje)