Lichem fermiste Snitser jonge fûn yn Frankryk

01 okt 2015 - 10:31

It stoflik omskot fan de 18-jierrige jonge út Snits, dy't op 20 septimber omkaam by in kano-ûngelok yn de Franske Ardèche, is tiisdei fûn. De jonge en syn 11-jierrich broerke kamen om, doe't harren kano omsloech. It lichem fan it 11-jierrige jonkje waard al gau fûn, mar nei it stoflik omskot fan de 18-jierrige is lang socht.

Hy is fûn by in kamping by Vallon Pont d'Arc, dat is hast 10 kilometer fan it plak dêr't it ûngelok bard is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)