Goed 14.000 stimmen op nije gemeentenamme Noardwest-Fryslân

01 okt 2015 - 09:37

Goed 14.000 minsken hawwe harren stim útbrocht op de nije gemeentenamme yn Noardwest-Fryslân. Ynwenners fan Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en fjouwer doarpen fan Littenseradiel hearre fan 2018 ôf by deselde gemeente. Dy hat no noch de wurknamme Westergoa. Minsken koenen kieze út trije nammen: Franeker, Nij-Westergo of Waadhoeke.

Oer twa wiken wurdt de útslach bekend makke. De winnende namme moat minimaal de helte fan it oantal stimmen krigen hawwe, oars komt der noch in twadde stimronde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)