Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

01 okt 2015 - 08:31

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goeiemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike: Yn it krisisopfangsintrum dat ynrjochte is yn Kollum, is plak foar maksimaal 50 Kollumers. Dat hat it COA witte litten. De flechtlingen binne graach ree om de Kollumers op te nimmen, mar rinne tsjin de beheinings fan har mooglikheden oan. It COA begrypt dat de eigen regio it bêste plak is foar de Kollumers, mar seit dat troch de grutte druk fan de lêste wiken it opfangen fan 50 doarpelingen echt it maksimum is. Mei oergeunst wurdt oeral yn it lân sjoen nei de hege beoardieling dy't de NHL krigen hat foar de oplieding Frysk. Oare HBO-ynstellings soenen ek graach Frysk oanbiede wolle, mar binne bang it nivo fan de oplieding yn Ljouwert net benei komme te kinnen. Under oaren Hogeschool InHolland, Hogeschool Leiden en Nyenrode hawwe besletten om har plannen foar it Frysk no earst mar te befriezen. De kosten fan ûnderhâld foar it keninklike skip De Groene Draeck kinne mei tsientallen persinten redusearre wurde as de aak in sunige VW-diselmoter krijt. It Volkswagen-konsern hat dêrta in modern motorblok skonken, dat troch de keninklike famylje entûsjast yn ûntfangst naam is. Neffens fabryksopgaaf is by de bluemotion TDI 2.0 diselmoter in ferbrûk fan 1 op 27 te heljen. Ljouwert sil fluch in stêdebân oanknoopje mei Mars. Dat hat it gemeentebestjoer fan 'e wike bekendmakke. In delegaasje lokale politisy stiet al klear om sa gau mooglik ôf te reizgjen nei de planeet. Ljouwert, 'Capital of Water Technology', wol as earste kontakt lizze mei Mars om kennis oer wettertechnology út te wikseljen. Keunst en kultuer. De Slach by Warns is de grutte winner wurden fan it Gouden Gurbe prizefestival fan iepenloftspullen. It toanielstik, dat sneon foar de 70e kear opfierd waard by it Reaklif, krige de Gouden Gurbe's foar it moaiste dekôr en de bêste byrol. De sjuery wie foaral ûnder de yndruk fan de grutte stien dy't nei de lokaasje ta brocht wie, foarsjoen mei prachtige poëtyske teksten. Ek it gebrûk fan flaggen en findels foel goed yn de smaak by de karmasters. Ferkear. De treinen fan Ljouwert nei Harns en Starum bliuwe foarearst gewoan riden. De kâns dat dat noch lang sa bliuwe sil is tanaam, no't ProRail in nij rapport opsteld hat oer de ûnderhâldskosten fan beide spoarlinen. Dêrút docht bliken dat it ûnderhâld stikken goedkeaper útfalt as de wurktreinen tenei ek echt stilhâlde op it stasjon fan Starum. Mochten de wurktreinen toch trochride, dan kostet dat ProRail oer in perioade fan jierren inkelde miljoenen euro's ekstra. Mear nijs op www.debutenpost.nl of folgje De Bûten Post fia Twitter en Facebook." Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
De Toan fan Bart Kingma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)