Lieding Prader-Willi Hûs herkent ferhalen oer misstannen net

01 okt 2015 - 09:11

"Ik herken my hielendal net yn it byld dat sketst wurdt fan mishannelings yn it Prader Willi Hûs". Dat seit dokter ferstanlik hendikepten Michiel Vermaak, dy't as wurdfierder optreedt foar de eigeners fan it Prader Willi Hûs yn Mûnein. Neffens âld-meiwurkers soene de bewenners stelselmjittich mishannele wurde troch foaral de eigener fan it hûs.

Vermaak leaut dêr neat fan. Hy komt der geregeld, praat in soad mei de minsken dy't der wenje en wurkje en ek mei de âlden fan de bewenners.

Hy seit dat er gjin inkeld sinjaal krigen hat dat der wat net yn oarder wêze soe. "Ik sjoch dat it mei dizze minsken hiel goed giet en haw op dit stuit gjin inkelde reden om te tinken dat der in soarte skrikbewind fierd wurdt troch dizze menear."

Vermaak erkent dat de start fan it Prader Willi Hûs net hielendal goed ferrûn is, omdat der yn in koart skoftsje tiid mear bewenners kamen as dat de soarchynstelling oan koe. Mar neffens de dokter binne eigeners en personiel drok dwaande saken goed op de rails te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)