Hoite Pruiksma nij artistyk lieder Martini Jongeskoar Snits

30 sep 2015 - 22:42

It Martini Jongeskoar Snits hat in nij artistyk lieder. Fan dit seizoen ôf sil Hoite Pruiksma diel útmeitsje fan in trijemanskip dat de lieding hat oer it koar. Hy wurdt ferantwurdlik foar de artistike en muzikale ûntwikkeling fan de jonges en fan it koar.

Pruiksma is ûnder oaren bekend as artistyk lieder fan de Nederlânske Bach Akademy. It earste konsert ûnder lieding fan Pruiksma is op freed 2 oktober yn Seisbierrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)