FIDEO: Noch altyd soargen by personiel thússoarch

30 sep 2015 - 16:49

De thússoarch stiet ûnder druk. De fraach is grut en it jild is op. Soarchoanbieders yn Fryslân hawwe in tekoart fan 12 miljoen euro. Tiisdei sieten de oanbieders mei fersekerder De Friesland oan tafel. In pasjintestop yn 2015 giet net troch. Mar dat is in oplossing foar de koarte termyn. De grutte fraach is no: Hoe komt it yn 2016?

De thússoarch giet ûnderwilen gewoan fierder. Wykferpleechkundige Uilkje Attema giet alle dagen op paad. Se wurket al 28 jier by de thússoarch yn Boalsert en makket har soargen oer de takomst.

Trefwurden: 
thússoarch Uilkje Attema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)