Van der Wiel en Dijk krije ûntslach by SC Hearrenfean

30 sep 2015 - 16:34

Hearrenfeanfoarsitter Jelko van der Wiel wurdt ûntslein. Tegearre mei kommersjeel direkteur Wim Dijk sil hy de klup ferlitte moatte. It stichtingsbestjoer fan Hearrenfean hat dat beslút naam.

Foarsitter fan it stichtingsbestjoer Anne Hettinga wol it ûnslach net befêstigje, mar seit wol dat der wat gebeure sil: "It klopt dat wy ôfskie nimme moatte fan ien of mear leden fan de one tier board." It stichtingsbestjoer hat in dossier fan it funksjonearen fan Van der Wiel en Dijk opboud en fynt no dat se net mei harren fierder kinne.

Van der Wiel soe neffens dat dossier te min kommuniseare en de klup wol kommersjeel in oare kant op as Wim Dijk.

Van der Wiel sels wit fan neat: "Ik fyn it hiel bysûnder dat ik fan neat wit en jim wol. Hoe kin it no dat jim dit melde en ik fan neat wit? Ik gean gewoan fierder mei myn wurk. Ik kin net reagearje op nijs dêr't ik fierder sels neat fan wit"

Yn novimber 2013 waard de nije direksje fan Hearrenfean oansteld troch ditselde stichtingsbestjoer. De nije struktuer, in one tier board, waard doe betocht. Dy struktuer bestiet út trije operasjonele direksjeleden, trije leden dy't tafersjoch hâlde en ien foarsitter. Jelko van der Wiel is de foarsitter. Hans Vonk is as direksjelid ferantwurdlik foar fuotbalsaken, Wim Dijk foar kommersjele saken en Ben Takkenburg foar algemiene saken en feillichheid. It tafersjoch wurdt dien troch Egon Diekstra, Jaap Schuurmans en Geert Pieter Vermeulen. Neffens it stichtingsbestjoer giet it allinnich om it funksjonearen fan Van der Wiel en Dijk.

Hast twa jier lyn waard dit nije bestjoer presinteard nei de saneamde Fean-revolúsje. Doe waard Robert Veenstra ôfsetten as foarsitter en kaam it stichtingsbestjoer mei dizze nije struktuer. Doe al wie de ûndernimmingsried fan Hearrenfean kritysk oer de nije direksjeleden. Yn in brief oan it stichtingsbestjoer skreau de ûndernimmingsried doe dat sy bang wiene foar problemen yn de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)