Warkum ûntfangt 140 flechtlingen

30 sep 2015 - 21:20

In groep fan 140 flechtlingen is oankaam by sportsintrum De Rolpeal yn Warkum. De kommende 72 oeren is dit harren ûnderkommen. De gemeente Súdwest-Fryslân giet der eins no al fanút dat dit ferlingd wurde sil mei nochris trije dagen. De flechtlingen hawwe de ôfrûne seis dagen yn in needopfang op It Hearrenfean sitten. Se wiene by oankomst yn Warkum wurch. De flechtlingen sille woansdeitenacht sliepe moatte op fjildbêden. De 'echte' bêden binne troch in logistyk probleem net oankaam yn Warkum. Dat sil tongersdeitemoarn barre.

Wilens de opfang fan de flechtlingen bliuwt it swimbad by De Rolpeal gewoan iepen. Der wurdt noch besjoen oft de gymnastyklessen fan de basisskoallen dêr ek hinne ferpleatst wurde kinne. Minsken dy't helpe wolle by de opfang fan de flechtlingen kinne har melde op opvang@sudwestfryslan.nl.

Omwenners fan sportsintrum De Rolpeal binne woansdeitemiddei bypraat oer de opfang. Boargemaster Hayo Apotheker hat de belangstellenden op de gearkomste útlein wat der de kommende dagen barre sil yn de sporthal en hoe't alles regele wurdt. Sa'n 70 minsken kamen ôf op de ynformaasjegearkomste. De reaksjes wiene oer it generaal posityf. Wol uteren in pear Warkumers harren soargen oer de feiligens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)