Akkoart oer MFS De Lemmer

De Lemmer
Der is in akkoart oer in nij multyfunktjoneel gebou yn de Lemster wyk Lemsterfeart. Basisskoalle De Meerpaal yn de wyk is al in skoft oan nijbou ta en krijt in plak yn it nije gebou. Dêroer binne wenningboustifting Lyaemer Wonen, skoallebestjoer Gearhing en de gemeente Lemsterlân it iens wurden.
De gemeenteried moat op 16 april oer de plannen gear. As it goed giet, giet Lyaemer Wonen fierder mei it projekt. Mooglik binne der mear partijen dy't meidwaan wolle. It moast 2,4 miljoen euro kostje. mar dat kin in heal miljoen goedkeaper.