Soarchbuorkerij Moai Seldsum kin it finansjeel net bolwurkje

30 sep 2015 - 14:03

Soarchbuorkerij Moai Seldsum yn Oentsjerk hâldt op mei in de opfang fan kliïnten yn de wykeinen, de fakânsjes en op de woansdeitemiddei. Dit giet yn mei yngong fan 1 jannewaris 2016. Reden is dat it finansjeel net mear te behappen is foar de soarchbuorkerij. Se moatte noch hieltyd lang wachtsje op de WMO-jilden.

Yn totaal 35 kliïnten ha in brief krigen dat se op syk moatte nei in oare soarchbuorkerij. Moai Seldsum sil de belutsenen dêrby stypje.

Foar Moai Seldsum bliuwt de deibestiging, de permaninte bewenning fan in oantal kliïnten en passend ûnderwiis foar saneamde 'dropouts' bestean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)