N381 dochs foar in part ferdûbele

30 sep 2015 - 12:58

De N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde, wurdt dochs noch ferdûbele. Der soe in nije dyk mei twa banen komme, mar it wurdt in fjouwerbaansdyk. Dat hat Provinsjale Steaten besletten.

It stik fan Easterwâlde, rjochting Appelskea en de grins fan Drintse, bliuwt twabaans. De plannen binne oanpast, omdat de 6 km lange dyk tusken Donkerbroek en Easterwâlde folle drokker is as it stik nei Appelskea. De flouwer banen wurde oer it algemien sjoen as feiliger. Der mei lykwols net hurder as 100 km yn 'e oere riden wurde.

De ekstra kosten wurde rûsd op 25 miljoen euro en it wurk oan de twa ekstra banen moat ein 2017 útein sette. Om't der sprake is fan in feroaring fan it plan, moatte der nije prosedueres hâlden wurde.

Trefwurden: 
N381 ferkear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)