COA set helpdesk op foar fragen fan gemeenten

30 sep 2015 - 11:48

It COA hat in helpdesk ynrjochte om de tillefoantsjes fan gemeenten oer de krisisopfang fan flechtlingen beantwurdzje te kinnen. De ôfrûne wike krige de opfangorganisaasje in soad krityk fan boargemasters oer de ynformaasjefoarsjenning en de berikberens. It COA seit dat alle ynformaasje dy't de gemeenten nedich hawwe, beskikber is yn it systeem fan de feiligheidsregio's. Dat is in kompjûtersysteem dat ynskeakele wurdt by in krisis. Sawol it COA as de gemeenten kinne dêryn sjen en ynformaasje taheakje.

Ek kinne yn dit systeem fragen steld wurde. Mar om't in soad gemeenten dochs bellen, hat it COA de ôfrûne dagen net goed berikber west, seit wurdfierder Jan Willem Anholts. Om dat op te fangen, is de helpdesk ynrjochte.

In oar punt fan krityk fan ûnder oaren boargemaster Sluiter fan Harns wie it lette beslút oer wêr't de flechtlingen nei de 72 oeren opfang hinne moatte. Anholts seit dat dit net earder kin, om't it mar om in koarte opfangperioade giet. "Wij hebben niet aan het begin van die 72 uur al in beeld waar de mensen daarna heen gaan."

Trefwurden: 
COA flechtlingen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)