Mei 150 minsken oan ien itenstafel

30 sep 2015 - 11:13

Sa'n 150 minsken hawwe woansdei mei-inoar iten oan ''de langste'' itenstafel fan Fryslân. Yn it Dr. Wumkeshûs yn Snits wiene bewenners fan it fersoargingshûs en wykbewenners wolkom om oan te skowen foar boerekoal en in gehakbal.

De lunsj waard spesjaal organisearre troch it Alderenfûns om't it dizze wike, de wike fan de iensumens is. Sa'n ien miljoen minsken yn ús lân sizze dat se har wolris iensum fiele. Ek op in boat yn Lauwerseach gongen 85 alderein mei-inoar oan tafel om it middeismiel noch krekt wat geselliger te meitsjen.

Trefwurden: 
iensum âlderein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)