Lunsj foar mantelsoargers yn Ljouwert

30 sep 2015 - 10:29

De gemeente Ljouwert organisearret op 8 novimber in grutte lunsj foar alle mantelsoargers yn de gemeente. Alle Fryske gemeenten hawwe dit jier jild krigen út Den Haach om de mantelsoargers te betankjen. Ljouwert docht dat mei in lunsj yn stedsskouboarch de Harmonie. Dêr kinne de soarchfrijwilligers ek fergees in foarstelling besjen. Mantelsoargers krije der troch de nije soarchregels hieltyd mear wurk by. De gemeenten wolle dêrom ek mear stipe jaan oan dizze groep frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)