"Der moat minder sleept wurde mei flechtlingen"

30 sep 2015 - 10:26

Boargemaster Sluiter fan Harns hat grutte krityk op de wize wêrop't it COA op dit stuit mei de flechtlingen omgiet. Dêrnjonken fynt hy de kommunikaasje fan it Centraal Orgaan voor de opvang van Asielzoekers mei de gemeente, tige min. Dêrmei slút hy him oan by de eardere krityk fan boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean.

Boargemaster Sluiter fynt dat der tefolle omsleept wurdt mei de flechtlingen. Hy wol dat it COA mei in plan komt foar in bettere en strukturelere opfang fan de flechtlingen.

Yn de Waddenhal yn Harns waarden de ôfrûne dagen sa'n 160 flechtlingen ûnderbrocht. Sy kamen út in needopfang yn Rotterdam en sille woansdei wer nei in oare lokaasje. Sluiter wol dat it COA gau mei in dúdlike strategy komt, om't it oars in noch gruttere gaos wurdt en saken net mear yn de hân te hâlden binne.

Trefwurden: 
flechtlingen asylsikers COA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)