Kollum: "Negatyf"

30 sep 2015 - 10:19

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Wethâlder Albert van der Ploeg fan Dongeradiel is in tige evenredich man. Blomryk fertelt hy altyd oer syn tinken, en de histoarje komt dan ek altyd efkes om de hoeke. Mar moandei twittere hy ynienen efkes nidich. Tsjin Omrop Fryslân. Foar in part. Sjoch, it noardlik part fan de sintrale as, de sân km tusken Dokkum en De Westereen waard nammentlik moandei iepene. Wêrom as se net wachtsje oant de folsleine dyk iepen is, witte wy ek net, dêr hie ek noch wol in moaie reportaazje oer te meitsjen west miskien. Mar goed, je kinne fansels ek wille hawwe dat je twa minuten earder as oars yn De Westereen binne. Fan Dokkum ôf. De oare kant út wol noch net. Mar goed, feest!

Sietske Poepjes, de deputearre, en Pytsje de Graaf, de oare wethâlder fan Dongeradiel iepenen it spul. Dus wie Albert van der Ploeg oanwiisd op it nijs fan Omrop Fryslân. En doe waard hy lulk. Negatyf brobbele hy. Oars hie ik der net nei sjoen, ik ha sa stadichoan safolle dykiepeningen sjoen, dat is no wol genôch, mar om't Albert brobbele, ha 'k it opsocht.

Sjen. No ja, der wie in frou dy woe har hûs wol ferkeapje om't se gjin reeën mear seach, inkel mar auto’s. Se fielde har moarns thús by de kofje yn in Dútske Raststätte sitten. Likegoed wie der yn dy reportaazje ek in man al ier en betiid yn syn ienmans autootsje stapt om as earste oer de dyk te riden. Miskien wol om't de earste 25 auto’s in boskje blommen krigen. Mar hy woe graach yn alle gefallen in pear minuten earder yn De Westereen wêze. O sa fleurich en bliid dat dy sân kilometer dyk der no wie. Albert van der Ploeg hat gelyk. As der dan lang om let nei 35 jier geëamel in ferbettering komt fan de dyk út en nei it noardeasten, dan moat je net mear seure.

Omrop Fryslân hie de flagge útstekke moatten en tsjutte op de nije ekonomyske kânsen fan dit stik dyk, no’t je sa maklik yn De Westereen komme kinne fan Dokkum ôf. Omrop Fryslân Nijs hie mei Sietske Poepjes en Pytsje de Graaf de fleurige blommen útrikke moatten. Hoezee. Yn alle gefallen, at se no echt negatyf west hiene. Mar se hawwe inkel oanjûn dat der sûnt Bonifatius der fermoarde waard al diskusje west hat as we wol fan en nei Dokkum wolle. En sûnt de 70-er jierren fan de foarige ieu hawwe wy sitten te kliemen oer wat wy de natuer oandogge as we in dyk oanlizze om it earme noardeasten fan Fryslân te ûntsluten.

Omrop Fryslân hat inkel ferteld wat der sa al oan de hân west hat en hoe’t de lju dat no noch fiele. Mear net. De wethâlder hie dat leaver net heard. Mar as je safolle histoarysk besef hawwe, dan moatte je de jierrenlange diskusje ek noch wol witte. Der hawwe noch nea safolle lju yn striid west oer in dyk as krekt by sizze sintrale as. Dêr mei by de iepening dochs wol eefkes oan referearre wurde? Nee, seit de wethâlder, it moat gean oer de kânsen. No, ik hie moandei in reportaazje makke oer dat dizze 24 miljoen wat dat oanbelanget yn de Waadsee dondere binne. Kânsen foar Dokkum en wat der noch efter leit? As je no in pear minuten tichteby De Westereen komme, hokker kâns hawwe je dan ynienen mear krigen? Moandei hie Sietske Poepjes noch sa´n putsje. Wetsus wer iepenje yn dat nochal nijmoadrige gebou dêr by’t Van Hall yn Ljouwert. Wetsus hâldt him dwaande mei wetterstúdzje. Jild fan ryk en Europa streamt binnen as de Niagarawetterfal. Der swimt mar ien folk, dat bin de Friezen. Hoewol. Ynienen, deselde dei begûnen de romtlike mannen fan de NASA ek te seuren. Der wie streamend wetter op Mars. No ja en wetter is libben. Dus dêr moatte dy jonges en famkes fan Wetsus hinne en embryonale dingen yn stoarte, en sjen wat der út komt. Libben op Mars, fanút it wetter. Se moat al werom komme kinne, want se ferbouee noch gjin ierappels op Mars. Dêr komt dus in dyk hinne. Mar dêr hawwe se minder geseur oer as oer de sintrale as."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)