Neisoarch al yn finzenis

05 apr 2012 - 16:09

De neisoarch foar eks-detinearden moat al yn de finzenis begjinne om súksesfol foar te kommen dat se op 'e nij de fout yn gean. Dat die tongersdei bliken op in konferinsje yn de Penitinsjêre Ynrjochting (PI) Ljouwert, de eardere Marwei.

As de finzene bygelyks gjin hûs of wurk hat, is de kâns op residive grut. Boppedat is de opfang fan eks-finzenen per gemeente noch te ferskillend. De konferinsje moat derfoar soargje dat der mear oerienstimming komt.

Sûnt 2008 is de ferantwurdlikheid foar neisoarch fan detinearden fan it Iepenbier Ministearje nei de gemeenten oergien. Yn Ljouwert wurdt de help troch it saneamde 'Feilichheidshûs' regele. Dat docht de begelieding fan eks-detinearden Yn it Feilichheidshûs sitte fertsjintwurdigers fan ynstânsjes en fan de gemeenten. It Feilichheidshûs wol no ek provinsjebreed de koördinaasje op him nimme. Op de konferinsje wiene út de hiele provinsje meiwurkers fan gemeenten, wenningboukorporaasjes, wurkbedriuwen en ynstellings foar soarch en ûnderwiis oanwêzich. Dy ynstânsjes kinne no al mei help en begelieding begjinne as de minsken noch yn de finzenis sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)