Trije nije needopfanglokaasjes wurde ynrjochte

30 sep 2015 - 09:37

Fryslân krijt fan woansdei ôf trije nije needopfanglokaasjes foar flechtlingen. Yn Kollum, Warkum en Gerkeskleaster wurde yn totaal goed 350 minsken opfongen. It giet om de flechtlingen dy't earder op It Hearrenfean en yn Harns ûnderbrocht wiene. De needopfang hâldt dêr op en dus moast it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, it COA, op syk nei nije lokaasjes. Yn Kollum en Warkum binne dat sporthallen en yn Gerkeskleaster giet it om in âld skoalgebou. De kommende 72 oeren wurde de flechtlingen dêr opfongen.

Trefwurden: 
flechtlingen COA asylsikers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)