Pjutteboartersplak moat skoalle Boksum iepen hâlde

29 sep 2015 - 23:43

De Otto Clantskoalle yn Boksum wol mear learlingen lûke troch de opset fan in pjutteboartersplak. Dêrtroch moat it foar minsken makliker wurde om foar de skoalle yn eigen doarp te kiezen. De skoalle hat op it stuit eins te min learlingen en wurdt dêrom mooglik sluten. Mei it nije plan foar it pjutteboartersplak hoopje de inisjatyfnimmers it oerkoepeljende skoalbestjoer oertsjûgje te kinnen de skoalle dochs iepen te hâlden. It plan is tiisdei goedkard troch de âlden fan de skoalle en de kommende tiid sil wurke wurde oan in plan foar de opset.

Trefwurden: 
Otto Clantskoalle Boksum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)