Gjin bestjoerlike gearwurking tusken skoallen CBO en Fier

29 sep 2015 - 23:21

De bestjoerlike gearwurking fan kristlike en iepenbiere basisskoallen op It Bilt en Ljouwerteradiel giet net troch. Dat is de útkomst fan in stimming dy't tiisdeitejûn hâlden waard ûnder de leden fan de sân kristlike skoallen dy't oansletten binne by koepelorganisaasje CBO G2.

Foar it slagjen fan it plan wie in twatredde mearderheid nedich, en dy wie der net. Kristlike koepelorganisaasje CBO G2 sil no oer in alternatyf gearwurkingsferbân neitinke.

In bestjoerlike gearwurking is nedich om't de sân kristlike skoallen al yn in gearwurkingsferbân sitte mei de iepenbiere skoallen fan koepelorganisaasje Fier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)