Gjin pasjintestop by thússoarch yn Fryslân

29 sep 2015 - 21:23

Der komt dit jier definityf gjin pasjintestop by de thússoarch yn Fryslân. De Fryske thússoarchorganisaasjes hawwe oerienstemming berikt mei soarchfersekerder De Friesland oer it oplossen fan it finansjele tekoart dêr't de organisaasjes mei sitte.

Yn totaal is der in tekoart fan 12 miljoen euro. Dat tekoart is ûntstien trochdat der eins te min betelle wurdt foar de soarch. De Friesland past no, mei de oare fersekerders, it tekoart by. Ek is ôfpraat dat der ek foar takommend jier in oplossing fûn wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)