Muzykferiening bringt ferdivedaasje by flechtlingen Harns

29 sep 2015 - 20:54

De kristlike muzykferiening Hosanna út Harns hat tiisdeitejûn har repetysje hâlden by de flechtlingen yn de Waddenhal. Op inisjatyf fan ien fan de leden giene de leden fan it korps mei harren trommels en oare ynstruminten nei de hal, om foar wat ôflieding foar de flechtlingen te soargjen.

It foel tige goed yn 'e smaak by de flechtlingen. Al gau rûnen bern, mar ek folwoeksenen, mei flagen mei yn it korps. It korps hie ekstra trommels meinaam dêr't de flechtlingen ek op spylje koene.

Woansdei sille de flechtlingen fuort út de Waddenhal en wurde se opfongen op lokaasjes yn Kollum en Gerkeskleaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)