PvdA wol fergese fytsestalling yn Snits iepenhâlde

29 sep 2015 - 20:24

De PvdA yn Súdwest-Fryslân stelt fragen oer de fergese fytsestalling by de Prins Hendrikkade yn Snits. Dy soe mei yngong fan takom jier fuortbesunige wurde. De fraksje wol fan boargemaster en wethâlders witte oft dat ek echt sa is.

De PvdA is op de sluting tsjin. Benammen yn de simmer komme in soad minsken op 'e fyts nei it sintrum fan Snits. As al dy fytsen wer op strjitte komme te stean, wurdt it in rommeltsje. Opheffing fan de fytsestalling is ek min foar de minsken fan Empatec dy't dêr wurkje, fynt de PvdA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)